Foarferkeap foar festival Oerol is wer los
De winter moat noch begjinne, mar de foarferkeap foar it simmerfestival Oerol op Skylge is alwer los. Minsken dy't in bantsje hawwe wolle foar it festival fan takom jier, kinne dy fan woansdei ôf op de webside fan Oerol bestelle.
It Skylger festival wurdt takom jier fan 12 oant en mei 21 juny hâlden. Mei it festivalbantsje kinne besikers tsien dagen lang oer de festivalterreinen fan Oerol strune. Minsken dy't mar ien dei op it festival bliuwe wolle, kinne ek noch in apart kaartsje keapje.