Fan filmjûn nei grut evenemint: 40 jier Noordelijk Film Festival

06 nov 2019 - 14:49

It Noordelijk Film Festival fiert dit jier in jubileum: woansdei set de 40ste edysje fan it festival útein. It is oait begûn as filmjûn, no is it ien fan de grutste eveneminten fan it Noarden fan ús lân mei 25.000 besikers.

Franke Visser út Friens is grut fan en hat elke edysje meimakke. Sels doe't er acht jier yn Noarwegen wenne kaam er elk jier spesjaal foar it festival werom nei Ljouwert. Hy besiket safolle mooglik films te sjen en dat is bytiden in hiele puzel. Hy hat yn al dy jierren wol tûzen films sjoen. "Myn wurk en relaasje moatte derfoar wike, it leafst begraaf ik my yn De Harmonie."

It festival is troch de jierren hinne flink groeid en de sfear is dêrtroch wol oars wurden, fynt Visser. "Yn de begjinjierren wiene we as publyk mar in lyts ploechje en elkenien koe elkoar. Fierder wie it wie hiel eksperiminteel: 'vrijheid blijheid'."

It is no folle profesjoneler.

Festivalfan Franke Visser

Hy sjocht mei in mankelyk gefoel werom op dy tiid, mar sjocht ek grutte pluspunten fan hoe't it festival no is. "It is no folle profesjoneler: de kwaliteit fan de films en de fertoaningsplakken binne omheech gien."

Franke Visser, grut fan fan it filmfestival - Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Ferslachjouwer Wendy Kennedy praat mei Franke Visser

It Noordelijk Film Festival is yn de jierren 70 ûntstien út de keunstwike dy't de gemeente Ljouwert fiif jier lang organisearre. Underdiel fan de wike wie in filmjûn yn de Beurs. "Toen de gemeente de stekker uit de kunstweek trok, besloot een aantal filmliefhebbers dat de filmavond moest blijven en zo is het Noordelijk Filmfestival ontstaan", fertelt Jan van der Hoek, ien fan de grûnlizzers en âld-direkteur fan it festival.

Yn it begjin waard it festival om de twa jier organisearre en fûn it plak yn de âlde Harmonie. "We werkten in het begin veel met retroperspectieven. Dan lieten we vijf films zien van een bepaalde regisseur of filmster."

Friezen ha wat mei Skandinavië

It filmfestival fan hjoed-de-dei hat in dúdlike fokus: Skandinavyske films. It siedsje foar dit tema is yn de begjinjierren al plante. "Het was toen nog niet de focus, maar we programmeerden toen ook Scandinavische films, daar was altijd veel belangstelling voor. Op vakantie naar Noorwegen, Zweden of Finland kom je altijd veel Friezen tegen. De Friezen hebben iets met Scandinavië."

Ferslachjouwer Wendy Kennedy praat mei grûnlizzer Jan van der Hoek

Filmfestival 40 jier: grûnlizzer Jan van der Hoek - Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
(advertinsje)
(advertinsje)