Pleatslik belang: "Gjin lânbouferkear troch Bûtenpost hinne"

06 nov 2019 - 14:21

As it oan pleatslik belang Bûtenpost leit, rydt lânbouferkear tenei net mear troch it doarp. De Foarstrjitte, de Kuiperswei en de Jeltingaleane, dy't de ôfrûne tiid werynrjochte binne, liene har neffens pleatslik belang net foar grutte trekkers.

Foto: Google Streetview

Lânbouferkear soe dêrom net langer troch it doarp ride meie, sa fynt it bestjoer. De gemeente Achtkarspelen is it iens mei pleatslik belang, mar fynt de provinsje op syn paad. Dy wol nammentlik net dat lânbouferkear oer de eastlike rûnwei fan Bûtenpost hinne rydt.

Belied feroarje

Neffens pleatslik belang is it belied fan de provinsje net dúdlik, om't trekkers wol oer de westlike rûnwei hinne ride meie. It bestjoer fan pleatslik belang Bûtenpost sil tegearre mei LTO Noard in fersyk by de provinsje yntsjinje om it belied te feroarjen.

Johan Kooistra fan Doarpsbelang Bûtenpost

(advertinsje)
(advertinsje)