Widdo Van Seggeren wurdt ûndersocht yn Pieter Baan Centrum

06 nov 2019 - 14:07

De fertochte yn de saak Van Seggeren sil ûndersocht wurde yn it Pieter Baan Centrum. Dat waard woansdeitemoarn bekend by in tariedende sitting yn it heger berop dat yn de saak oanspand is. Ek sille der fiif tsjûgen nochris heard wurde yn de saak.

It fersyk om de tsjûgen nochris te hearren kaam fan de advokaat fan de fertochte, dat is de widdo fan de yn 2017 dea fûne Tjeerd van Seggeren. It fersyk om de behanneling fan de saak te ferpleatsen nei Arnhem waard net honorearre.

De widdo woe de saak ferhûzje om't se gjin betrouwen hat yn in earlik proses, omdat se yn Ljouwert earder foardiele waard ta 20 jier finzenisstraf. Sels ûntkent se belutsenheid. It Iepenbier Ministearje frege woansdei om in ûndersyk fan de fertochte yn it Pieter Baan Centrum, it gerjochtshôf hat dêrmei ynstimd.

Harkje nei in petear mei advokaat Brian de Pree

Foto: CAMJO Media
(advertinsje)
(advertinsje)