HEA! Missferkiezing foar katten

06 nov 2019 - 13:46

Annelies Laanstra stiet spand klear mei har kat Lieve op 'e earm. Se moat noch efkes wachtsje want de karmaster nimt har tiid. HEA! wie ôfrûne sneon by de kattetentoanstelling op De Gordyk, in soarte fan missferkiezing foar katten. Neffens Annelies falt it wol wat ta mei de spanning, mar har lichemstaal seit wat oars. "Earlik is earlik, it is in fokje fan mysels. As dy wint, docht dat wol wat mei dy", seit se.

Trefwurden: 
De Gordyk katten Hea!
(advertinsje)
(advertinsje)