Tûzenen stakers komme nei WTC om mear jild foar ûnderwiis te easkjen

06 nov 2019 - 13:05

Mear as 7.000 minsken binne woansdeitemiddei ôfkaam op de grutte stakingsgearkomste yn it WTC yn Ljouwert. Hayo Bohlken fan de Algemene Onderwijsbond is tige wiis mei de opkomst: "We wisten dat het leefde, maar dat er zoveel mensen zouden komen, dat vind ik dan wel heel hoog."

De grutte fraach is no fansels oft de aksje genôch yndruk meitsje sil op de polityk. It ûnderwiis wol njonken de 460 miljoen euro dy't tasein binne troch it kabinet, struktureel mear jild. De 460 miljoen euro dy't no op tafel leit, is mar foar ien kear, en neffens de bûnen en de leararen wurde dêrmei de problemen noch net oplost.

"Als je de salarissen echt wil verhogen heb je structureel geld nodig, en niet eenmalig", sa seit Bohlken. Dat it ûnderwerp, nettsjinsteande taseine miljoenen, libbet by de ûnderwizers die ek woansdei wol bliken. By binnenkomst yn it WTC wie der troch de grutte tastream in lytse opstopping. "Kennelijk willen de mensen in Fryslân, Groningen en Drenthe laten zien dat ze iets willen doen voor deze goede zaak."

Foto: Omrop Fryslan
Trefwurden: 
Ljouwert ûnderwiis staking
(advertinsje)
(advertinsje)