665 diamanten houliken yn Fryslân: "We waren direct verliefd op elkaar"

06 nov 2019 - 19:12

127 pearen yn de gemeente Eaststellingwerf fiere dit jier harren fyftichjierrich houlik. Omrekkene nei it tal ynwenners, is it dêrmei de gemeente mei de measte gouden houliken fan Fryslân. Fierders fiere 665 pearen yn Fryslân in diamanten houlik (60 jier) en 21 pearen sels in platina houlik (70 jier).

Dat alles docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. De sifers gean oer hiel 2019 en kinne feroarje as ien fan de twa foar de ein fan it jier komt te ferstjerren, en dêrtroch de troudei net mear meimakket.

Yn Boerum fiere Sake Kuipers en Tietje Slagter dizze wike harren 60-jierrige houlik. Se troffen elkoar yn de jierren 50 yn Gryptsjerk. "We waren direct verliefd op elkaar", fertelt frou Slagter. Har man wit it ek noch: "Ik had een kameraad bij me en zij had een vriendin bij zich. M'n kameraad wilde wat met haar, maar ik dacht: dat moet niet! Ik wil iets met haar."

Sechstich jier letter binne se noch altyd by elkoar. "We hebben vier kinderen en veertien kleinkinderen. En een stuk of zeven of acht achterkleinkinderen. De familie wordt steeds groter", seit Kuipers.

Ferslachjouwer Willem de Vries by Sake Kuipers en Tietje Slagter (1)

Ferslachjouwer Willem de Vries by Sake Kuipers en Tietje Slagter (2)

De gemeente dêr't de minsken it absolút net sa lang mei-inoar úthâlde is Ljouwert. De minste fyftichjierrige houliken wurde dit jier fierd yn ús haadstêd. Yn ûndersteande tabel is te sjen hoe't dyn gemeente skoart op it mêd fan fyftichjierrige houliken. Yn de tabel stean de totale oantallen, de ranking is basearre op dat oantal, korrizjearre nei it tal ynwenners.

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
houlik CBS jubileum
(advertinsje)
(advertinsje)