Kening op geheime besite op fleanbasis fanwege F-35

Kening Willem-Alexander hat woansdeitemoarn yn it geheim in besite brocht oan de fleanbasis Ljouwert. Dit die er om him byprate te litten oer de nije F-35, mar ek om mear útlis te krijen oer de op ôfstân bestjoerbere MQ-9 Reaper.
Kening op geheime besite
Nei it folgjen fan in feiligensproseduere besocht de Kening it kantoar- en it lesgebou fan de F-35. Hjir krije meiwurkers fan de fleanbasis ynstruksjes, en leare se hoe't se mei it nije gefjochtsfleantúch en de MQ-9 wurkje moatte. Foar de komst fan de nije fleantugen is de ynfrastruktuer en de befeiliging op it fleanfjild oanpast.
Njonken it lesgebou, stie der ek in besite oan de simulator fan de F-35 op it programma. De kening krige útlis fan luitenant-kolonel Knight, kommandant fan it 322 squadron.
Ferslachjouwer Jeroen Boersma oer de besite
Fansels stie der ek in besite oan de echte F-35 op it programma.

Training op kantoar

It earste MQ-9 fleantúch wurdt yn 2020 ferwachte, en dus koe de kening dizze drone noch net besjen. De MQ-9 fleantugen wurden troch in fleaner en in sensoroperator bestjoerd fanút in kantoar. It personiel krijt hjir no alfêst in training foar.
Oan de ein fan de moarn wie der noch tiid foar it personiel om mei de kening te praten. Sa hiene se it ûnder oare oer de feroarjende omstannichheden yn de definsjewrâld, mei troch de oanskaf fan de F-35 en de MQ-9.