Staatstoezicht oer ôffalwetterynjeksje: "Geen reden om te controleren"

De reaksjes op it ûndersyk oer de gegevens út de mynbou binne opmerklik. Der is werkenning en teloarstelling tagelyk. Werkenning om't eigen ûnderfiningen faak oerienkomme mei de útkomsten fan it ûndersyk. Teloarstelling om't alle ûnderfiningen by elkoar in fertrietlik mar spikerhurd byld sketse. We witte net oft we de gegevens út de mynbou fertrouwe kinne.
NAM ynstallaasje © RTV Oost

Flaters

Ut ûndersyk fan de fjouwer noardlike regionale omroppen hat bliken dien dat offsjele gegevens en rapporten oer mynbou yn ús lân fol steane mei flaters. Geregeld is sprake fan tsjinstridige advysrapporten oer de gas-, oalje-, sâltwinning en ôffalwetterynjeksje. "De grote vrees die we toch al hadden, blijkt nu keiharde waarheid', is de reaksje fan ien fan de boargerkomitees.
We witte net oft der echt gjin ôffalwetter lekt yn Rossum. Dêrfoar moatte we de NAM fertrouwen op syn wurd. We witte net oft der yn Eesveen swierder gemysk ôffalwetter ynjektearre wurdt. Om't noait op de gearstalling kontrolearre wurdt. It Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) erkent dat dy kontrôles hielendal gjin prioriteit hawwe en der eins ek noait echt meunstere is. SodM moat út namme fan ús en ús takomst tasjen op wat yn ús boaiem bart, mar sjocht inkeld nei oantoanbere risiko's op de koarte termyn.

Lânsbelang

Gemeenten hawwe in opmerklik bytsje ynfloed op mynbou binnen de gemeentegrinzen. Datselde jildt ek foar de provinsjes. Alles dat him binnen de grinzen fan de boarlokaasje ôfspilet, falt ûnder tafersjoch en ferantwurdlikheid fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Yn it ramt fan it algemien lânsbelang. Dat jildt nei ôfrin fan it winningsproses ek foar it oprêden fan de fersmoargingen dy't by gemiddeld in fjirde fan alle boarlokaasjes yn de direkte omjouwing yn de boppeste boaiemlagen oantroffen is. Yn in tal gefallen steane dy fersmoargingen al yn kontakt mei it grûnwetter, dêr't it gefaar foar natuer en folkssûnens mei tanimt. Mar de provinsjes kinne net yngripe en ek gemeenten moatte duldsum tasjen.

Ferantwurdlikheid

It bewust lytser meitsjen fan risiko's komt fuort út it feit dat de gas- en oaljeboeren leaver net ferantwurdlik wêze wolle foar de skea dy't ûntstean kin as gefolch fan de aktiviteiten yn de boaiem.
De bedriuwen hawwe inkeld en allinne as doel jild te fertsjinjen. Klokkelieders wurde juridysk 'monddood' makke of deaswijd. Ferantwurdlikheden wurde op de (ryks)oerheid ôfspile. Troch de djiptes dêr't de aktiviteiten op plakfine, sil de echte skea him wierskynlik dochs pas nei jierren iepenbierje.
© Omrop Fryslân

Geheime stikken

Earder melde RTV Noord dat út geheime stikken bliken docht dat de NAM besocht hat om it ministearje fan Ekonomyske Saken ûnder druk te setten. De NAM drige de gaskraan ticht te draaien, as de ferantwurdlikheid foar skea net by de NAM fuortnaam waard. Winmaatskippijen lykje der alles oan te dwaan om ferantwurdlikheid foar mynbouskea te ûntrinnen. In opmerklik foarbyld dêrfan is te finen yn Fryslân.

Skea ferhelje

Ald-gemeenteriedslid Rinze Post út Harns hat flink wantrouwen yn de winmaatskippijen en it tafersjoch dêrop. "De provinsje is der foar de belangen fan har boargers, dêr wienen wy fanút gien. Mar de feiten lige net, dy toane in hiel soad oare saken oan", seit Rinze Post.
Post hat in brief achterhelle, dêr't út bliken docht dat de provinsje Fryslân him troch de delfstofwinners ûnder druk sette litten hat. De bedriuwen wolle net oanspraaklik hâlden wurde foar eventuele skea. Yn de brief fan de provinsje stiet beskreaun hoe hurd of it spul troch de bedriuwen spile waard: "Dit is een harde eis van beide delfstofwinners om überhaupt tot ondertekening van de overeenkomsten te komen. Geen kwijting (van schadekosten), geen overeenkomst."
Video: 191104 Rinze Provincie

Wantrouwen

It risiko op skea en de soargen foar de natuer yn de direkte wenomjouwing binne foar de measte minsken krekt de belangrykste redenen om har te ferdjipjen yn de mynbou. Foar de measten komt it wantrouwen ek pas dan en yn stapkes. It is dreech om te ûnderfinen hoe't it is ast as boarger neat te sizzen hast oer wat him ôfspilet yn de grûn dêr't dyn libben him ôfspilet. It is dreech om te konstatearjen datst neat te sizzen hast en de konsekwinsjes akseptearje moatte silst.

Skea ferhelje

Yn it effektgebiet fan it Grinzer gasfjild is it erkennen en fêststellen fan skea al in wanhopige opjefte mar it útkearen derfan noch folle mear. Yn it gebiet fan de boaiemdelgong yn Fryslân is oant no ta noch hast gjin skea regele en dat jildt ek foar de skeameldingen boppe it gas yn Oerisel en Drinte.
Mei it ôfbouwen fan de gasproduksje yn Grinslân sil de NAM ek gjin lange takomst mear hawwe. Yn opdracht fan Ekonomyske Saken is de boaiem aanst leech helle, de baten binne ferdield. We moatte benaud wêze wa't dan opdraait foar de kosten fan natuerwerstel en mear.

Staatstoezicht

De fjouwer omroppen hawwe har befiningen foarlein oan it Staatstoezicht op de Mijnen. Dat we de delfstofwinners op har blauwe eagen leauwe moatte by it oanleverje fan korrekte data en mynbougegevens, is neffens Haad Undergrûn Wouter van der Zee foar de hân lizzend. "Je wilt dat het bedrijf dat de werkzaamheden doet ook in controle is, het is aan de toezichthouder om dat weer te controleren. Het is aan de onderneming zelf om transparant te zijn maar je kunt bij slordigheid niet meteen zeggen dat er sprake is van moedwillige fraude."
Video: 191104 SodM Nlog

"Ik deel jullie verwondering"

Hoewol't de offisjeuze mails ôfkomstich fan in heechpleatste meiwurker fan SodM oars beweare, fynt it kontrolearjend steatsorgaan yn in offisjele reaksje dat it foldwaande middels en mooglikheden hat om kwaliteitskontrôles út te fieren. Yn de offisjele reaksje fan SodM wurde flaters yn de databehear achteleas ôfdien. Offisjeus, yn mailwikseling mei boargers wurdt dit sein: "Zoveel handmatige stappen, dan zijn dit soort fouten onvermijdelijk. Ik deel jullie verwondering daarover."
© Omrop Fryslân
Offisjeel dielt SodM de soargen fan de omroppen en de boargers net. "Het toezicht van SodM is risicogestuurd. Als actief controleren noodzakelijk is, dan zullen we dat doen. En dat dat de laatste jaren niet is gebeurt, komt omdat er geen reden toe was."
Dit ûndersyk is it resultaat fan de gearwurking tusken de fjouwer noardlike regionale omroppen RTV Noord, RTV Drenthe, RTV Oost en Omrop Fryslân. Koartlyn hawwe de omroppen in Europeeske subsydzje krigen foar it fersterkjen fan de regionale ûndersykssjoernalistyk. Dit ûndersyk is ien fan de resultaten.