Moade-studinten yn Ljouwert naaie rêchsekken foar flechtlingen yn Grikelân

06 nov 2019 - 12:25

Goed fyftich studinten fan de oplieding Mode Design fan it Friesland College binne mei in bysûnder projekt foar flechtlingen yn Grikelân dwaande. Yn twa dagen naaie de learlingen sechtich rêchsekken foar de Sheltersuit Foundation. Yn de rêchsek kin in sheltersuit, dit is in kombinaasje fan in waarme jas en in wettertichte sliepsek.

Foto: Friesland College

Bas Timmer, de ûntwerper fan it pak, wie woansdeitemoarn yn Ljouwert oanwêzich by de start fan de naaidagen op de middelbere skoalle. Timmer fertelde dat hy op it idee foar it pak kaam, neidat in dakleaze heit fan twa freonen fan him ferstoarn wie yn de kjeld. De ûntwerper makke it pak mei in sliepsek en stof dy't er fan twa bedriuwen krige. It gie om restmateriaal en dêrom wie it goedkeap en duorsum.

Foto: Friesland College

Geandewei beluts er hieltyd mear minsken en bedriuwen by it inisjatyf en yntusken makket de Sheltersuit Foundation tûzenen pakken foar flechtlingen en dakleazen yn ferskate lannen. In soad fan dy pakken wurde nei de flechtlingen yn de kampen op Lesbos brocht.

De Ljouwerter studinten wurkje de kommende dagen yn fjouwer ploegen. Ek no brûke se restmateriaal, sa as in ôfkarde autogurdle as riem, om de pakken sa goedkeap mooglik te hâlden. Dy kinne op dizze wize fergees fuortjûn wurde oan de minsken dy't se nedich ha. Studinte Janne Manderveld fynt it moai en belangryk om der oan mei te wurkjen. "Het is een prachtig doel natuurlijk. Om met iets waar je voor leert op school, voor je vak, de samenleving te kunnen helpen."

Janne Manderveld, studint moade op it Friesland College

(advertinsje)
(advertinsje)