Filmtip Noordelijk Film Festival: Swoon en Nei de Dûns

06 nov 2019 - 11:01

It Noordelijk Film Festival set woansdeitejûn útein yn Ljouwert. Alle dagen fan dit festival jout de Fryske regisseur Bart Dokter in filmtip. Dizze woansdei diel 1 mei Swoon en Nei de Dûns. It filmfestival duorret oant en mei snein 10 novimber.

"Mijn tip voor vandaag is de openingsfilm Swoon en de voorfilm Nei de Dûns. Voornamelijk vanwege de voorfilm waar ik aan heb meegewerkt als First A.D. (assistent-director: immen dy't ferantwurdlik is foar alles wat op in set bart, hy of sy soarget derfoar dat alle ûnderdielen fan de filmcrew har wurk goed dwaan kinne. red).

Nei de Dûns is met een compleet Friese cast en crew gerealiseerd en daar mogen we trots op zijn: Het kan hier dus! Bovendien is het een schitterende film geworden.

Aansluitend wordt de film Swoon vertoond, wat een spektakel voor het oog belooft te zijn", seit Dokter.

Nei de Dûns, 20:00 oere - In koarte film oer de leafde fan Gjalt foar syn echtgenoate Anke. Anke hat in earnstige foarm fan deminsje, de film let sjen hoe't Gjalt ôfskie nimt fan de leafde fan syn libben. Nei de Dûns wie ferline jier de winner fan 'De Nieuwe Competitie', dêr't makker Rutger Veenstra 10.000 euro krige om de film te meitsjen.

Swoon, 20:00 oere - In kleurryk leafdesferhaal yn de jierren '40, in fantastyske rollercoaster, mar dan wol basearre op de realiteit, in ferhaal dat wier bard is.

(advertinsje)
(advertinsje)