Smellingerlân mei de gaswinning net blokkearje fynt de Raad van State

06 nov 2019 - 10:58

De gemeente Smellingerlân mei fan de Raad van State net op eigen manneboet de gaswinning yn har gemeente tsjinhâlde. Smellingerlân wol mei in wiziging yn it bestimmingsplan yn it bûtengebiet de gaswinning foarkomme.

Foto: ANP

De rjochtsaak tsjin de gemeente wie oanspand troch minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat. Neffens minister Wiebes giet Smellingerlân mei syn aksjes yn tsjin it lanlike enerzjybelied en dêr is in bestimmingsplan dêr net foar bedoeld. In bestimmingsplan is neffens de minister allinnich bedoeld foar de romtlike oardering, en dêryn jout de Raad van State de minister no gelyk.

Ierdbevingen

Smellingerlân wol ynsette op duorsume enerzjy, en is benaud foar ierdbevingen lykas dy yn Grinslân. Dêrom fynt de gemeente dat der net mear gaswinningsprojekten yn de regio komme meie. Mei dêrom hat Smellingerlân yn 2018 it bestimmingsplan oanpast, sadat der net mear socht wurde mocht nei nije gasfjilden.

Mar neffens de Raad van State hawwe ferkennings- en opspoaringsûndersiken (dy't faak dien wurde foarôfgeand oan gaswinningsprojekten) net te krijen mei romtlike oardering, en dus kin dit ek net fia in bestimmingsplan regele wurde.

Beslút yn it jiskefet

Troch de útspraak fan de Raad van State is it beslút fan Smellingerlân no yn it jiskefet bedarre. De regels yn it bestimmingsplan, dy't as doel hiene om nije gaswinningsprojekten yn it bûtengebiet foar te kommen, binne no fan tafel.

Wurdfierder Wendy van der Sluijs fan de Raad van State

Wethâlder Piet de Ruiter fan de gemeente Smellingerlân

(advertinsje)
(advertinsje)