Kollum: "Boarterstún"

06 nov 2019 - 08:35

"De gemeente Waadhoeke lûkt 50.000 euro út om dy njonken dyselde bedraggen te lizzen fan de provinsje Fryslân en de Rykstsjinst foar Kultureel Erfgoed. Dy 150.000 moat dan genôch wêze foar de UNESCO om it planetarium yn Frjentsjer te beneamen as in stikje wrâlderfgoed. Dat komt wol goed. En dan? Dan niks.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

It is in titel. Je krije der gjin jild foar. It regear krijt inkeld de opdracht it te behâlden, wat it ek kostet. Miskien komt der wat mear publyk; of dat sil wol, want dat krigen de Waadsee en it Woudagemaal ek. Dy binne al wrâlderfgoed.

Ljouwert waard ferline wike 'UNESCO city of literature'. Fanwege it twatalige literêre fjild. Fertaald: Ljouwert krijt dy titel foar Fryske boeken. Dy't miskien wol mear op it plattelân skreaun binne, mar hawar, Ljouwert is ek Fryslân. De media skriuwe der entûsjast oer, mar net ien leit út wat je mei sa'n titel kinne. Wurde de Fryske boeken dêr better fan? Of Ljouwert? No ha 'k ek net heard wat foar bedrach útjûn is om soks te wurden, mar ik ha gâns betrouwen yn de Ljouwerter ried dat der net in Ljouwerter sint by wie. Dy ha se net mear.

Fansels moatte we allegear in kear yn it Frjentsjerter planetarium sjoen ha. We moatte ek oer de Waadsee farre. Yn it Woudagemaal sjen. Of in Frysk boek lêze. Mar we hoege net altyd te learen. We moatte ek genietsje. Ik bring jim wer werom nei jim jeugd. Skoalreiskes.

Wý wennen yn Drachten. Dus yn de bus nei Appelskea, dêr yn it sân omtouterje. Dan wer werom oer Olterterp, in gleske ranja út de molkbus, en dan dêr de boarterstún yn. Yn de Súdwesthoeke kamen je fan 1964 ôf dan telâne yn Sybrandy's Fûgeltsjepark tusken Aldemardum en Riis. Dat waard al rillegau Sybrandy's Speelpark, want hy boude der ek alderhande grutte boarterstastellen. De measte Fryske bern ha der wolris west. Op de hege skommel, yn de mûne of op de draaiskiif. Dy is lykwols al ferdwûn, dêr soalden de lytse bern ôf.

Simen Sybrandy en soan Rienk, dy't wol wat oars dwaan wol, woene de saak ferkeapje. Dat duorre lykwols lang. Sjerp Jaarsma fan De Hege Gerzen fertelde my dat hy hiel lang wachtsje moast, om ek mar wat dwaan te kinnen. Frjemd, seker omdat elk mei wa't je praten, sei dat it park bestean bliuwe moast. Elk hie dêr ommers syn of har wille hân eartiids. En elkenien hie der wer west mei bern en pakesizzers.

Uteinlik waard dochs iepenbier dat Jaarsma it wol regelje woe. Doe moast it lykwols yn sân hasten. Dat koe Jaarsma ek net fuortendaliks foar elkoar krije. Finansjeel net, mar ek net om't natoerminsken blykber noait skoalreiskes hân ha, want dy woene witte hoe't it dêr op De Hege Gerzen gean soe mei de natoer. Doe't Jaarsma sei dat er de bern earst efkes troch de natoer jeie soe, wie't goed.

Finansjeel dan. Jaarsma krige wol wat útstel, krige in ton fan ynvestearders, mar frege de ried fan De Fryske Marren om in liening: 450.000. De ferhuzing en it nedige opkalefaterjen fan it park kostet noch wol wat. Hoewol, sa'n bedrachje as ynvestearing foar in bedriuw wat sa'n 40.000 besikers it jier opsmyt, is net iens safolle. Sokken as Rutte en Sander de Rouwe soenen der blyn foar tekenje.

De ried fan De Fryske Marren hâldt de saak lykwols efkes oan. Lykas alle rieden sa faak dogge. Omtouterje, noait wat beslisse. Gefolch: Dantumadiel is no fallyt, Tytsjerksteradiel hat gjin ried mear. Yn De Fryske Marren fûnen se it bedrach nochal heech en binne se benaud foar Europeeske steatstipe-regels. Suertsjes.

As ik soksoarte dingen lês, wol ik de krante ferskuorre. Of it mobyltsje yn de de wc miterje. En dan bedimje ik my en betink in ferlechje foar dy ried. Wis, in gemeente is net in bank, mar moat wol dwaan wat de ynwenners graach wolle dat dien wurdt. In lieninkje. Sûnder rinte. De minsken dy't fan dit park hâlde, soargje wol dat soks weromkomt. Mar Jaarsma moat nije wike los. Elkenien wol dat.

En Europa? Ach, beneam jimsels mar as 'UNESCO city of schooltrips', dan binne dy ek om."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)