Underwiis yn Fryslân leit wurk del foar legere wurkdruk en heger salaris

06 nov 2019 - 08:12

It ûnderwiis yn Fryslân leit woansdei foar it grutste part plat. In soad Fryske skoallen yn it basis- en fuortset ûnderwiis dogge mei oan de lanlike ûnderwiisstaking. Yn it WTC Expo yn Ljouwert wurdt in grutte gearkomste hâlden foar ûnderwiispersoniel út alle noardlike provinsjes.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Ferline wike freed makke it kabinet 460 miljoen euro ekstra frij foar it ûnderwiis. De staking wie dêrmei even fan de baan, mar giet no dochs troch. Neffens Hayo Bohlken fan it ûnderwiisbûn AOb is de aksje noch altyd nedich en dogge der noch mear skoallen mei as de foarige kearen.

"Van het basisonderwijs is volgens mijn ongeveer driekwart dicht, echt heel veel", seit Bohlken. "Openbaar onderwijs ligt bijna helemaal plat, christelijk onderwijs staakt ook heel fanatiek mee. En ook het voortgezet onderwijs staakt vandaag, alleen die scholen gaan niet dicht."

Soad begryp

Bohlken seit dat âlden fan de learlingen oer it algemien posityf reagearje en dat se in soad begryp ha foar de staking. It ûnderwiispersoniel wol in legere wurkdruk en in heger salaris. Der moat in strukturele oplossing komme, fine de aksjefierders.

"Van eenmalig geld kun je geen structurele veranderingen bewerkstelligen", stelt Bohlken. "Je kunt sowieso geen salarissen ophogen van geld dat je maar één keer krijgt, want volgend jaar en de jaren daarop zit je dan weer voor hetzelfde probleem."

Yn hiel Nederlân binne woansdei mear as 4.000 skoallen ticht.

Hayo Bohlken fan it ûnderwiisbûn AOb

(advertinsje)
(advertinsje)