UPDATE: Kraanmasinist ferstoarn by bedriuwsûngelok op It Hearrenfean

06 nov 2019 - 09:10

In kraanmasinist is woansdeitemoarn ferstoarn by in bedriuwsûngelok by in recyclingbedriuw op It Hearrenfean. It slachtoffer siet yn in kraan dy't bedobbe rekke ûnder in bult grûn.

De kraanmasinist rekke beknypt en koe der net mear sels útkomme. Helptsjinsten waarden ynskeakele, mar koene it slachtoffer net rêde.

Omdat it om in bedriuwsûngelok giet, docht de Arbeidsynspeksje ûndersyk. Dy kin noch neat sizze oer de tadracht fan it ûngelok.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens
(advertinsje)
(advertinsje)