Gjin heger taryf foar fearpont De Grietman by De Feanhoop

06 nov 2019 - 07:18

It taryf foar fearpont De Grietman by De Feanhoop bliuwt gelyk. Dat hat de gemeenteried fan Smellingerlân bepaald. Boargemaster en wethâlders woene de priis foar de oertocht mei in euro ferheegje nei 2,50 euro.

Fearpont De Grietman - Foto: Omrop Fryslân, A. Zijlstra

Der moast troch it hegere taryf sa'n 35.000 euro ekstra fertsjinne wurde, om gemeentlike tekoarten op te fangen.

Tsjin it foarstel kaam wjerstân. Undernimmers yn de omkriten wiene benaud dat de ferheging minder fytsers nei it gebiet lûke soe en se dêrtroch minder klanten krije soene.

(advertinsje)
(advertinsje)