Tweintich hûnen op audysje by Tryater foar krystfoarstelling

05 nov 2019 - 22:56

Sa'n tweintich hûnen ha meidien oan de audysje foar in rol yn de krystfoarstelling 'Karlsson fan it dak' fan Tryater. Dat is in famyljeferhaal yn in magyske wrâld, mei in hûn dus. Lourens van den Akker spilet de haadrol yn it stik. "We dogge no in lytse oefening om te sjen oft de hûnen aaiber binne."

Dêrnjonken moatte de hûnen wat oefeningen dwaan. "Se moatte wol fuort lústerje", seit Van den Akker. "Dat wolle je sjen, dat se wat maklik yn de omgong binne. As dat net sa is, dan ha je der te folle wurk fan. In pear hûnen binne sa goed traind, dy kinne je yn ien kear ynsette."

De audysje is noch wol wat oars as wannear't in hûn úteinlik foar in folle seal stiet. "As in hûntsje dan opkomt, reagearret de hiele seal mei 500 minsken. Dan is it even skrikken, want it is dan tsjuster en de hûn wit net wêr't it lûd weikomt."

Dêrom hâlde se by Tryater ek in pear hûnen 'efter de hân'. "We moatte wat reserves ha, want je wolle wol dat it allegear goed giet by de premjêre", seit in sjuerylid.

Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de audysje foar hûnen

(advertinsje)
(advertinsje)