Hannelers yn harddrugs oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat freed twa mannen út De Westereen en Twizelerheide oanhâlden foar de hannel yn harddrugs. De 42-jierrige man út Twizelerheide hannele yn drugs, benammen kokaïne. De 39-jierrige man út De Westereen liet minderjierrigen yn syn hûs de drugs brûke dy't se by de oare man kocht hiene. Yn beide wenningen binne drugs fûn.