Nije ambulânsepost It Amelân by feardaam

Kijlstra Ambulancegroep Fryslân bout in nije ambulânsepost op It Amelân. De post fan no, oan de Ballumerweg yn Nes, is te lyts. De nije lokaasje is oan de Reeweg, yn de buert fan de feardaam.
© ARTEC bouwkundig ontwerp & advies, Burgum
Kijlstra seach earst nei it fleanfjild foar de nije ambulânsepost. It foarige kolleezje op it eilân hie grutte plannen om mear aktiviteit op en by it fleanfjild te kreëarjen. Ien fan de bedriuwen dy't him dêr fêstigje soe, wie Kijlstra.

Nije plannen foar fleanfjild behâldend

It hjoeddeistige gemeentebestjoer is in stik tebekhâldender mei de bebouwing fan it fleanfjild. Boppedat soe in ambulânsepost dêr derfoar soargje dat it sicht út de ferkearstoer net mear goed wie. Der komt in nije fyzje foar it fleanfjild en dy wurdt behâldend, foarseit wethâlder Theo Faber.
Oan de Reeweg binne der gjin behinderingen foar de ambulânsepost. Op it terrein dêr't de post komme moat, steane in pear âlde kassen. Kijlstra is yntusken eigener fan it perseel.
Wat der mei de ambulânsepost oan de Ballumerweg gebeurt, is noch net dúdlik. Mooglik hat de brânwacht ferlet fan mear romte, tinkt Faber.

Gjin problemen

Jeroen de Jong fan it CDA frege him noch even ôf oft it net in ferkearsûnfeilige situaasje wurdt, flak foar de feardaam. Wethâlder Faber seit dat Kijlstra gjin problemen sjocht. Foar eventuele needgefallen ha de ambulânses sirenes en swaailjochten. Alle riedsleden binne it iens mei it nije plak.