De Nederlandse Bank wol skansearre euromunten net fergoedzje oan man út Bears

05 nov 2019 - 21:28

De Nederlandse Bank (DNB) wegeret de wearde fan goed tûzen skansearre euromunten út te kearen oan Rob Smedema út Bears. Smedema stapte tiisdei nei de rjochter. "Het is gewoon bruikbaar geld, waar je mee kunt betalen", sei er tsjin de rjochter.

Foto: ANP

Smedema kocht fan in sakerelaasje yn Sina in tal euromunten. De Sinees hie neat oan de munten, om't er dy yn syn eigen lân net ynleverje koe. Smedema kocht se op en stoarte se yn Nederlân by in bank. "Ik kreeg zonder problemen het bedrag op mijn rekening bij geschreven." Yn de bak fan de automaat bleaune allinnich 1032 munter efter. De automaat wegere dy yn te nimmen.

Munten wol ynnommen, mar neat útkeard

Op it ynternet seach Smedema dat DNB skansearre euromunten ynnimt en de wearde dêrfan útkeart. Dat wie yn it gefal fan Smedema oars. DNB naam de munten yn, mar kearde neat út. De munten fan Smedema kamen út de recycling. Se wiene rûnslingere yn tonnen mei stientsjes en soer. Dêrtroch wiene de munten te bot skansearre, oardiele DNB.

DNB folget dêrmei de regeling op om de EU frij te hâlden fan ûngeskikte munten, ek út de ôffalyndustry. Smedema kin der net by dat in diel fan in partij ûngeskikt is en in diel gewoan as betelmiddel brûkt wurde kin. Syn riedsman fûn dat DNB net hurd makke hat wêrom't de munten ûngeskikt binne as betelmiddel.

DNB joech munten ek net werom

"Hier is wel voor betaald. DNB shopt in argumenten om niet te hoeven vergoeden", seit de advokaat fan Smedema. DNB joech likemin de 'waardeloze' ôffalmunten werom. Dy waarden kreas ferpakt yn plestik meinaam nei de rjochtbank. De rjochter mocht dy efkes sjen, dêrnei waarden se wer feilich opburgen.

De rjochter docht binnen seis wiken útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)