Lêste tegeltsjes en in hantekening fan Vlaskamp: spoartunnel Hurdegaryp iepen

05 nov 2019 - 21:11

De spoarûndertrochgong by Hurdegaryp is offisjeel iepen. By in plechtichheid binne tiisdei de lêste tegeltsjes oan de wand yn de ûndertrochgong pleatst. It wurk is no sa goed as klear. "We binne der hartstikke bliid mei", seit Piet Schriemer fan it doarpsbelang.

De tunnel wie in winsk fan it doarp. "Sûnt der in sneltrein by kaam is, steane we altyd stil foar it spoar. Dêrom ha we frege om in tunnel en dat ha we foar elkoar krigen troch te lobbyen. Mei de politisy ha we in oerke foar it spoar stien en sjoen nei wat der allegear wol net barde. Krekt nei't de trein fan Ljouwert foarby wie, koe der ien auto oer it spoar. Dan gongen de hekken alwer omleech, omdat de trein fan Grins deroan kaam."

Dan wie it in tafaller dat ek ProRail fan de oerwegen ôf wol. "Dit wie in hiele drokke oerwei", seit Schriemer. "Dus dat spile foar ProRail ek mei. Der komt no ek noch in loopbrêge oer it spoar. Dan kinne de bern der sa oerhinne, hoege se net mear oer de drokke dyk."

Ideeën Vlaskamp yn de tunnel

Deputearre Avine Fokkens lei ien fan de lêste tegeltsjes yn de wand. "Ik ben heel 'grutsk'. Het is een heel mooie tunnel en ik ben ook blij dat-ie vernoemd is naar een beroemde tuinarchitect die hier in Hurdegaryp is geboren, Gerrit Vlaskamp. Zijn gedachtegoed - veel groen en veel slingers - zie je ook heel goed terug in het tegelwerk in de tunnel." It tegelwurk is makke troch Tichelaar út Makkum.

Ien fan de minsken dy't har dermei dwaande holden hat, is Aly van der Mark. Earst wie se net sa bliid mei de plannen. "Wy wennen oan de bûtenkant fan Hurdegaryp. Dy bûtenwei moatte we hjir net ha, tochten we. Mar tsjinhâlde kin net, dus 'if you can't beat them, join them'", seit se.

"Ik bin al in jier as tolve dwaande mei Gerrit Vlaskamp. Hy is famylje fan myn man Ids. Uteinlik ha ik in lêzing holden oer Vlaskamp. Dat is oppikt en no is it hielendal makke yn de styl fan Vlaskamp. Syn orizjinele hantekening stiet ek op de brêge. Syn Ingelske lânskipsstyl komt hjir ek oeral werom yn Hurdegaryp. Oeral noch restanten fan beammen dy't hy plante hat. It is in Vlaskampdoarp."

(advertinsje)
(advertinsje)