363 bestjoerders beboete by snelheidskontrôle op Skylge

05 nov 2019 - 20:08

By snelheidskontrôles op Skylge binne 363 minsken beboete omdat se hurder rieden as de maksimaal tastiene snelheid. De plysje kontrolearre yn totaal 2.998 auto's. De tastiene snelheid wie 50 kilometer de oere. De fluchste auto gong mei 79 kilometer de oere lâns de kontrôle.

Foto: Shutterstock

Ek yn Gerkeskleaster hat de plysje in radarkontrôle holden. Dat diene se omdat omwenners klage hiene oer de snelheid fan it ferkear dêr. Ferkear mei dêr 50 kilometer it oere. 121 passanten holden har dêr net oan. Yn totaal kamen der 507 auto's lâns de kontrôle.

Trefwurden: 
plysje boete Skylge
(advertinsje)
(advertinsje)