D66 wol jild reservearje foar oanlis Lelylijn

05 nov 2019 - 19:11

De Steatefraksje fan D66 sil takom wike by de behanneling fan de begrutting in foarstel dwaan om fêst fiif miljoen euro klear te lizzen foar de takomstige oanlis fan de Lelylijn, in spoarline fan Grins oer Drachten en It Hearrenfean nei Lelystêd ta.

Foto: http://www.lelylijn.eu

Yn febrewaris naam Provinsjale Steaten it beslút om akkoart te gean mei de oanlis fan de Lelylijn. No is der wol jild reservearre foar in ûndersyk nei de helberheid, mar der is gjin reservearring dien foar de echte oanlis.

"Wy wolle ús oanbuorjende provinsjes en it regear sjen litte dat wy de oanlis fan 'e Lelylijn serieus nimme. Troch sels in bedrach te reservearjen, litte wy sjen dat it ús earnst is", seit fraksjefoarsitter Romke de Jong fan D66 yn de Steaten.

Neffens syn partij kin de Lelylijn net allinnich tiidwinst opsmite foar Noarderlingen dy't nei de Rânestêd reizgje, mar kin it ek in oplossing wêze tsjin krimp. "Hjir wenje en wurkje yn 'e Rânestêd. Dan is de Lelylijn ek in ynvestearring yn leefberens en ûnderhâld fan foarsjenningen."

(advertinsje)
(advertinsje)