Boeren Skier sykje provinsjale stipe by omskeakeling nei duorsume lânbou

05 nov 2019 - 18:31

De omskeakeling fan de sân melkfeehâlders op Skiermûntseach nei duorsume, stikstofearme lânbou is net samar klear. De boeren binne yn prinsipe ree om in tredde part fan har fee yn te leverjen en oer te gean op in ekstinsive wize fan buorkjen. Mar as de boeren dat dogge geane se der wol bot yn ynkommen op achterút.

Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De boeren hawwe dêrom foar finansjele stipe oankloppe by de provinsje Fryslân. Deputearre Johannes Kramer fynt dat it projekt mei stikstofearme lânbou op Skiermûntseach as it heal kin trochgean moat, mar kin de boeren net samar subsydzje jaan. De Europeeske regels foar steatsstipe ferbiede soks. Mar omdat it projekt op Skiermûntseach as in foarbyld foar hiel Nederlân jildt wol Kramer wol 'alles út de kast helje' om te sjen hoe't de boeren stipe wurde kinne by de omskeakeling.

"Net allinnich Skiermûntseach hat in stikstofprobleem, hiel Nederlân hat in stikstofprobleem", seit de deputearre. "It is my dêrom hiel wat wurdich om dit trochgean te litten."

Soad oerlis

Kramer en syn kollega Douwe Hoogland binne dêrom alle wiken drok dwaande mei it ferhaal Skiermûntseach. Ferline wike wie Kramer op it eilân foar oerlis mei boargemaster Ineke van Gent en boer Ludie van der Bijl, tongersdei wurdt der fierder praat op it provinsjehûs mei saakkundigen fan it ministearje fan lânbou. "As we mei ús allen dizze kant op wolle, dan moatte we dat de boeren ek mooglik meitsje", seit Kramer dêroer. Hy stribbet dernei dat der op syn lêst ein novimber in 'wurkber resultaat' leit.

Kramer wol dêrfoar alle opsjes ûndersykje, fan partisipaasje troch bedriuwen oant Europeeske stipe, mar seit dêr leaver net te folle oer salang't de ferkenningen noch rinne.

Suvel op it eilân

It doel fan it projekt is dat de ekstinsyf produserre molke safolle mooglik op it eilân ferwurke wurdt yn in eigen tsiismakkerij en ek opiten wurdt. De eilânsuvel hoecht dan net mear nei de wâl brocht te wurden, en de tsiis net mear fan wâl nei eilân. "Foar in moai eilanner tsiiske sjoch ik ek wol eksportmooglikheden", seit Kramer oer it businessmodel foar duorsume lânbou op Skiermûntseach.

Mar oant dat it safier is rinne de boeren wol te folle ynkommen mis, om samar 35 persint fan har fee trochdwaan te kinnen. As der gjin 'wurkbere oplossing' fûn wurdt bestiet der in kâns dat guon eilanner boeren derfan ôfsjogge om in tredde part fan har fee yn te leverjen. Kramer: "Mar dat is seker net it útgongspunt."

Harkje nei deputearre Johannes Kramer

(advertinsje)
(advertinsje)