Sander de Rouwe: Dantumadiel bepaalt sels hoe't se besunigje

05 nov 2019 - 18:23

Dat de gemeente Dantumadiel de gemeentlike belestingen mei mooglik 30 persint omheech docht, is oan de gemeente sels. "De provinsje seit net wat se dwaan moatte", seit deputearre Sander de Rouwe. "We sizze wol dat se in reserve ha moatte."

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Wol hat de provinsje soargen oer de finansjele posysje fan de gemeenten yn Fryslân. "Se ha it ôfgryslik swier. En Dantumadiel falt op, benammen omdat de reserve dêr hielendal op is."

En dy reserve moat der wol wêze, fynt de provinsje. "Want der kin altyd in ôffaller komme", seit De Rouwe. "En dan komst yn de problemen. Dat wolle wy as provinsje net."

Dantumadiel moat in tekoart fan 4,8 miljoen euro fuortwurkje. "De gemeenteried is dêr hiel dúdlik yn: der moat op syn minst 2,5 miljoen reserve wêze. Want no is it jild hielendal op, se rinne yn it read."

Dantumadiel net allinnich

Dantumadiel springt yn it each, mar der binne folle mear gemeenten mei jildpine. "It is oan elke gemeente om dêr de kommende wiken in beslút oer te nimmen", seit De Rouwe. "As provinsje wolle we op 15 novimber de besluten ha. Dan besjogge oft we meisjen moatte mei de finânsjes, om foar te kommen dat se ûnder tafersjoch komme fan it Ryk. Want dat wolle we net."

Deputearre Sander de Rouwe oer de finânsjes fan Dantumadiel

(advertinsje)
(advertinsje)