Bestjoer doarpshûs Feanwâlden yn petear mei oare jildsjitter

It bestjoer fan de stichting Doarpshûs MynSkip yn Feanwâlden siket in oare partij om in nij multyfunksjoneel sintrum yn it doarp te finansierjen. Op koarte termyn komt der in petear mei de stichting KNHM. Dat is in partij dy't maatskiplike projekten lykas doarpshuzen finansierret.
© Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
KNHM stiet foar Koninklijke Nederlandse Heidemaatschappij. Dat is in ideële organisaasje dat in positive bydrage leverje wol oan de kwaliteit fan de leefomjouwing. Dy organisaasje hat sels kontakt socht mei de stichting fan it doarpshûs. "It is in serieuze partij", seit foarsitter Roel Dijkstra fan de stichting MynSkip.

Pineholledossier

It doarpshûs fan Feanwâlden is ien fan de pineholledossiers fan de gemeente Dantumadiel. Omdat de gemeente yn de finansjele problemen sit, besleat de ried moandeitejûn om gjin jild frij te meitsjen foar it doarpshûs. Earder wie ôfpraat dat der wol jild komme soe.
Dijkstra tocht moandeitejûn noch dat it doarpshûs der net mear komme soe. Mar it bestjoer fan it doarpshûs fynt it dochs noch wol hieltyd de muoite wurdich om te ûndersykjen wat der gebeure moat om it doarpshûs dochs noch foarinoar te krijen.
Foarsitter Roel Dijkstra fan it multyfunksjoneel sintrum Feanwâlden