Nije provinsjale subsydzjeregeling foar enerzjykoöperaasjes

Enerzjykoöperaasjes kinne fan 15 novimber ôf gebrûk meitsje fan in nije subsydzjeregeling fan de provinsje, de saneamde voucherregeling. De provinsje hat yn totaal 100.000 euro beskikber steld.
© Omrop Fryslân
Koöperaasjes kinne bygelyks subsydzje krije foar it ynkeapjen fan juridyske, finansjele of organisatoaryske stipe. Dêrmei wol de provinsje enerzjykoöperaasjes helpe in folgjende stap te meitsjen by it ûntwikkeljen fan projekten foar it besparjen fan enerzjy, it duorsum opwekken fan enerzjy of isolaasjemaatregels. Dêrby kin tocht wurde oan kollektive sinnedakken, dielauto's of waarmteprojekten.
Enerzjykoöperaasjes kinne foar elk gefal op syn minst 500 euro en op syn meast 2500 euro krije. Yn Fryslân bestie de voucherregeling al foar de middelgrutte en lytsere bedriuwen.