It Hearrenfean moat nij walhalla foar truckers wurde

Lekker waarm dûse, in waskje draaie en nei de sportskoalle gean. As it oan de Partij van de Arbeid fan It Hearrenfean leit, moatte frachtweinsjauffeurs dat tenei allegear dwaan kinne op in nij parkearplak foar frachtweinen.
Truckstop foar sjauffeurs
De grutte romte foar truckers mei fyftich plakken moat oan de noardkant fan It Hearrenfean komme. De besteande plakken yn de gemeente binne neffens de partij beheind en boppedat moat it feiliger.

No faak yn wenwiken

It is net dat de plakken no net feilich binne, mar it falt PvdA-fraksjefoarsitter Wanda Ottens op dat frachtweinsjauffeurs no ek faak yn it wykein yn wenwiken stean of by de McDonald's. "Dat is fansels net de bedoeling."
© Omrop Fryslân
De Flaamske sjauffeur Claude, dy't ferplichte halt hâldt by tankstasjon De Smartpot foarby Akkrum, sjocht wol wat yn de plannen. "Hygiëne staat bij mij op één. Een schone douche is wel heel fijn." In romte foar in waskmasine of fitnesssintrum is foar him fan minder belang. "Soms ben ik wel te moe om te fitnessen, want ik moet ook laden en lossen", fertelt Claude. En de wask levert er leaver thús ôf. "Die neem ik liever mee naar huis, want ik en wassen dat gaat niet echt samen", laket hy.

Ek stipe fan oare partijen

De PvdA tinkt dat de truckstop der, nei ûndersyk, oer twa jier komme kin. Oare partijen yn de gemeente stean ek efter de plannen. De moasje wurdt yntsjinne mei it CDA, HeerenveenLokaal en Gemeentebelangen.
PvdA Riedslid Gerrit van der Wal en fraksjefoarsitter Wanda Ottens