Wurk oan N358 tusken Ternaard en Mitselwier

05 nov 2019 - 16:55

De provinsje wurket oant 22 novimber oan de N358 tusken Ternaard en Mitselwier. De dyk krijt in nije laach asfalt en der komt in nije markearring.

Foto: Provinsje Fryslân

Oant 8 novimber wurket de provinsje oan de dyk tusken de rotonde Lauwersmarwei (N358/N361) oant flak foarby de rotonde Mitselwier. De ferbining mei de Roptawei bliuwt wol iepen.

Fan moandei 18 oant en mei freed 22 novimber is it wurk oan it twadde diel: dat is fan de Van Harinxmastrjitte (Ternaard) oant de krusing Wierumerwei/Ternaarderwei.

It ferkear ûnderfynt hinder fan it wurk oan de dyk. Der binne omliedingen.

Trefwurden: 
Ternaard N358 Mitselwier
(advertinsje)
(advertinsje)