Skansearre fytspaad De Langelille wurdt opknapt en moat gau wer iepen

It fytspaad oan de Tsjerkewei by De Langelille wurdt sa gau as mooglik opknapt. By in swiere stoarm yn juny dit jier foelen tsien beammen om, wêrtroch't it fytspaad swier skansearre rekke.
© Google Street View
De gemeente Weststellingwerf lit it paad no werstelle en sil ek in tal beammen kaapje dy't njonken it paad steane. De totale kosten binne sa'n 40.000 euro.
Sûnt juny wie it fytspaad ôfsletten en moasten fytsers oer de autodyk ride. It paad waard benammen brûkt troch minsken mei bern dy't nei de basisskoalle fan Munnikebuorren moasten.

Pleatslik belang bliid

It pleatslik belang fan De Langelille is der wiis mei dat de gemeente jild frijmakket foar it fytspaad. "We zeggen al jaren: dat fietspad mag niet dicht", seit foarsitter Jopie Dragt. "We hebben altijd zorgen gehad dat de kinderen nu over de openbare weg moeten. We strijden ervoor dat er een pad ligt waarover gefietst kan worden. Dus we zijn oprecht blij dat de gemeente nu het besluit heeft genomen om 40.000 euro ter beschikking te stellen."
Omdat der sa'n soad beammen om leine, moast it wol ticht. "Dat kan eigenlijk niet", seit Dragt. "We hebben wel steeds goed contact gehad met de dorpencoördinator van de gemeente. Ze waren er wel mee bezig, maar ze moesten nog een budget voor vinden."

Earder al skea

It is net foar it earst dat it fytspaad wersteld wurde moat. Ein 2013 waard it paad troch de gemeente ek al ôfsletten, om't it gefaarlik wie. In famke wie dêrfoar fan har fyts fallen troch beamwoartels. De gemeente moast doe in skeafergoeding betelje.
Wethâlder Jacques Jongebloed fan de gemeente Weststellingwerf