Haadkantoar Body & Fit fuort út It Hearrenfean

05 nov 2019 - 16:22

It haadkantoar fan Body & Fit op It Hearrenfean ferhuzet takom jier nei Amsterdam. It bedriuw ferkeapet sportfieding en suppleminten op ynternet en hat sa'n twahûndert meiwurkers.

Foto: Google Streetview

Hoefolle minsken oft fuort moatte of oergean nei Amsterdam, is net bekend. It bedriuw wol oant no ta noch net reagearje.

Net alle ôfdielingen sille fuort út It Hearrenfean. It distribúsjesintrum en de funksjes dy't dêrby hearre bliuwe dêr en ferhúzje net mei nei Amsterdam.

De direksje hat it personiel tiisdeitemoarn fan de ferhuzing op 'e hichte brocht.

Trefwurden: 
It Hearrenfean Body & Fit
(advertinsje)
(advertinsje)