HEA! Kiltmakker yn Fryslân

05 nov 2019 - 16:06

De earste offisjele kiltmakker fan bûten it Feriene Keninkryk komt út Ljouwert. Annette Plantinga hat as earste ynwenner fan bûten it Feriene Keninkryk in sertifikaat krigen dat offisjeel erkend wurdt troch Skotlân. "Sa'n sertifikaat soarget derfoar dat de tradysje fan it kilt-meitsjen bestean bliuwt", fertelt Plantinga. Sels hat se in pear kear nei Skotlân ta west om de keunst te learen. "Dat wie dan by ien thús dy't der hiel bedreaun yn is. En as ik der hjir yn Fryslân even net útkaam, dan koe ik mei har facetime of mei foto's oerlizze." Want der komt hiel wat te sjen by it meitsjen fan sa'n kilt.

(advertinsje)
(advertinsje)