Protte belangstelling foar nije kavels op De Harkema

05 nov 2019 - 15:47

Der is in soad animo foar de nije kavels op bedriuweterrein Quakkenburg op De Harkema. Fan de seis stikken grûn dy't de gemeente Achtkarspelen op de Bolster bouryp makke hat, binne der yntusken fjouwer ferkocht.

Bedriuweterrein Quakkenburg op De Harkema - Foto: Atze van der Ploeg

En op in fiifde terrein hat in kandidaat-keaper al in opsje naam, meldt de gemeente. Yn totaal is der dus noch ien kavel beskikber. Der binne mooglikheden om Quakkenburg fierder út te wreidzjen.

Achtkarspelen besleat begjin dit jier om de grûn oan de Bolster ree te meitsjen foar de bou. Allinnich bedriuwen dy't bûn binne oan De Harkema meie harren op Quakkenburg fêstigje. Dat is in betingst fan de provinsje Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)