Helptsjinsten komme manmachtich nei auto dy't by Snits yn sleat bedarre is

In automobilist is tiisdei by in iensidich ûngelok yn it wetter bedarre lâns de N7 by Snits. Hoe't it ûngelok oan de stedsrûnwei gebeure koe, is net dúdlik.
© Raymon Roersma / ProNews
Fanwegen it ûngelok binne de oprit fan de N354 en ien rydstripe ôfsletten. Der stiet in file op de N7.
De brânwacht, ambulânse en plysje binne teplak. De traumahelikopter is ek oproppen. Hoe't de bestjoerder deroan ta is, is noch net dúdlik.