Geunstige lotting foar Danny Noppert op Grand Slam of Darts
Danny Noppert fan De Jouwer hat geunstich lotte foar de Grand Slam of Darts, dy't kommende sneon úteinset. De 28-jierrige darter treft yn de pûlfaze fan groep F de tsjinstanners Peter Wright, Ryan Harrington en Wayne Warren.
Allinne Peter Wright, op dit stuit de nûmer sân fan de PDC, stiet heger op de wrâldranglist as Danny Noppert. De Grand Slam of Darts wurdt fan 9 oant en mei 17 novimber spile yn it Ingelske Wolverhampton.
De pûlwinner spilet yn de earste ronde fan de knock-outfaze tsjin in nûmer twa út in oare pûl. En de nûmer twa spilet dus tsjin in pûlwinner.
Noppert pleatste him ôfrûne snein op it alderlêste momint foar it grutte telefyzjetoernoai fan de PDC. De Jouster wie troch syn finaleplak op de World Series Finals wis fan dielname. Danny Noppert spile yn 2016 en 2017 ek mei op de Grand Slam of Darts. Yn 2016 helle hy de achtste finales wêryn't hy krekt ferlear fan Gary Anderson.