Koudum driget spûkdoarp te wurden: "Wy kinne noch wol wat stipe brûke"

05 nov 2019 - 17:10

Foar klean en skuon hoege jo net mear yn Koudum te wêzen, want skuonhannel De Boer slút de doarren. De winkel is net de iennige, hieltyd mear pannen komme leech te stean yn Koudum. It doarp moat net yn in spûkdoarp feroarje, dêrom besykje de ûndernimmers yn it doarp de leechstân tsjin te gean.

Undernimmer Marrit de Vries leit út wat der neffens har barre moat: "Wy besykje as ûndernimmers mei-inoar de ferbining te sykjen en inoar te stimulearjen. As der ien ophâldt, kin dan in oar net in stikje oernimme en wer wat mear leven yn it doarp bringe. Troch ûndernimmers en foar ûndernimmers. Sa besykje wy eltsenien wer mei partisipearje te litten."

Koudum - Foto: Google Street View

Jildou Hopma follet har kollega oan: "En jonge minsken oanlûke dy't nije ideeë hawwe en op in oare wize ûndernimme as de ûndernimmers fan eartiids. Takom winter hâlde wy in winterfair, op sa'n wize besykje wy dochs minsken nei Koudum te krijen. Tegearre mei de skoallen, de muzykferiening en eltsenien dy't ûndernimt roppe wy eltsenien op om mei te dwaan. Wy hawwe al 30 oanmeldingen. Wy wolle twa dagen in fair hâlde: dêr komme in ferhaleferteller, kreamkes en sjongers."

Kombinaasjes sykje

"Wy kinne echt noch wol wat stipe brûke, jonge minsken dy't it leuk fine der wat fan de meitsjen," jout Hopma oan. "Ik begjin sels in mûlehygiënepraktyk en myn man set yn de foarkant útein mei in broadsjessaak. Ik tink dat it leuk is om kombinaasjes te sykjen, allinne hoareka is net altyd op te bringen."

Undernimmers Jildou Hopma en Marrit de Vries fan Koudum

(advertinsje)
(advertinsje)