Noch dizze wike dúdlikens oer trochstart fan túnkersbedriuw Hartman

05 nov 2019 - 19:28

Kurator Hillie Lunter stribbet dernei om noch dizze wike dúdlikens te jaan oer in trochstart fan túnkersbedriuw Hartman yn Seisbierrum. Dat seit har kantoargenoat Ronald Klarus. Om't der by Hartman gewoan trochwurke wurdt en ôfnimmer Albert Heijn ek gewoan foarsjoen wurdt fan tomaten, komkommers en paprika's bliuwt der perspektyf foar it bedriuw.

Lunter is dizze wike permanint yn Seisbierrum dwaande mei de mooglike rêding fan Hartman en is dêroer yn petear mei ferskate mooglike oernamekandidaten. De 75 meiwurkers fan Hartman binne noch gewoan oan it wurk. "We hebben te maken met producten die doorgroeien en geoogst moeten worden en met een goede klant die graag verse komkommers en paprika's wil. Zolang dat zo is, is er hoop op een doorstart", seit Klarus.

Hartman yn Seisbierrum - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De wurknimmers krije no yn de iene wike te hearren oft der nije wike noch wurk is. Dy situaasje kin net te lang duorje, fynt ek Klarus. "Wij hopen dat we eind deze week of anders uiterlijk volgende week iedereen duidelijkheid kunnen geven." It fallisemint fan Hartman waard ferline wike oanfrege troch de Belgyske eigener The Fruit Farm Group.

(advertinsje)
(advertinsje)