Wethâlder Kempenaar: Dantumadiel hat wol deeglik finansjeel takomst

05 nov 2019 - 13:27

Wethâlder Rommy Kempenaar fan Dantumadiel sjocht, nettsjinsteande de finansjele problemen, gjin reden de selsstannigens fan de gemeente op te jaan en in bestjoerlike fúzje oan te gean mei de buorgemeenten. Dat seit er yn reaksje op it driigjend finansjeel tafersjoch troch de provinsje Fryslân. De finansjele situaasje fan de gemeente is soarchlik en der moatte miljoenen euro's besunige wurde.

Kempenaar is der wis fan: "Dantumadiel bestiet yn 2030 noch as selsstannige gemeente." It kolleezje hat in oanpast begruttingsfoarstel skreaun om de gemeente wer finansjeel sûn te krijen. Sa moatte de algemiene reserves wer op it minimale nivo komme dêr't de gemeente no ûnder sakke is. Dat wurdt dien troch de gemeentlike lêsten te ferheegjen en guon ûnreplike saken te ferkeapjen.

Belestingen omheech

Kempenaar: "Wy moatte soarchfâldich omgean mei de middels dy't wy no yn de begrutting hawwe." Nei de ferheging fan de gemeentebelestingen sitte dy noch altyd krekt ûnder dy fan de buorgemeenten, sa seit er. Hy rekkenet derop dat it oanpaste foarstel fan it kolleezje tiisdeitejûn op de riedsgearkomste posityf ûntfongen wurdt. De wethâlder seit dat er de situaasje sels oankaart hat by de deputearre en dat se mei-inoar ta de konklúzje kaam binne dat der wat barre moat.

Dantumadiel sit yn in amtlike gearwurking mei de de oare gemeente yn Noardeast-Fryslân, mar is bestjoerlik selsstannich. In bestjoerlike gearwurking, dus eins in komplete fúzje, soe mear grutskaligens jaan, wat mooglik ta in bettere oanpak fan de problemen liede kinne soe. Kempenaar sjocht dêr neat yn. "Ik sjoch dêr it foardiel net fan", seit er.

De ried fan Dantumadiel by de behanneling fan de begrutting - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Hoe sit it mei de situaasje yn Damtumadiel? Harkje nei de bydrage

Der hingje noch oare tjustere wolken boppe de gemeente. De bestjoerlike gearwurking giet striemin. De relaasje tusken de koälysje en it CDA, de grutste partij yn Dantumadiel, is fersteurd. Sa bot dat de rûzige riedsgearkomste fan moandeitejûn op in stuit stillein waard en tiisdeitejûn wer fierder giet.

"Gjin ynhâldlik debat"

Fraksjefoarsitter Jan Jitse Visser fan it CDA seit dat de situaasje sa net langer kin. Hy neamt it in fertrouwensprobleem. De measte oanwêzigen kamen foar it nije MFC yn Feanwâlden nei de gearkomste. Mar it gie benammen om inoar "vliegen afvangen", sa't Visser it formulearre. "Op inoar persoanlik reagearje, sûnder dat der sprake wie fan in ynhâldlik polityk debat. Dêr hat Dantumadiel rjocht op, krekt yn dizze drege tiid."

Finansjeel en fertrouwensprobleem

Visser: "Dantumadiel hat in finansjeel grut probleem en dat is nei hjoed (moandei, red.) noch grutter wurden, omdat de provinsje in oanwizing jûn hat (mooglik ûnder tafersjoch, red.). Mar dêr is no ek noch in fertrouwensprobleem by kaam. Fan de gemeente rjochting de ynwenners, want sy kinne net mear op besluten fan de gemeente fertrouwe. Mar der is ek in yntern fertrouwensprobleem. Yn it bestjoer fan de gemeente is gjin fertrouwen mear yninoar. De boargers sitte net op te wachtsjen op dizze poppekast. Sy wolle gewoan goede tsjinstferliening fan de gemeente hawwe."

In artikel 12-status betsjut dat gemeente net mear selsstannich grutte ynvestearringen dwaan kin. Dy moatte se earst foarlizze oan de provinsje.

(advertinsje)
(advertinsje)