De Trieme yn Sint-Jânsgea staakt net, mar set doarren iepen foar meirinners

05 nov 2019 - 12:58

Mear as 200 skoallen yn Fryslân hawwe harren opjûn foar de lanlike ûnderwiisstaking foar woansdei. Dat is sa'n 60 persint fan it totale oantal skoallen. Der binne lykwols ek skoallen dy't de aksje wol stypje, mar de doarren net slute en gewoan les jaan. Ien fan harren is kristlike basisskoalle De Trieme yn Sint-Jânsgea. Dêr komme acht snuffelstazjêrs op besite.

Sint Jânsgea - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"Wij wilden als team een positief signaal afgeven door de deuren van De Trieme open te zetten voor mensen die geïnteresseerd zijn in het onderwijs of die misschien een overstap willen maken naar het onderwijs", leit direkteur Rianna de Jong-Hornstra fan De Trieme út.

Positive draai

Ek yn Sint-Jânsgea is der in soad om de staking te dwaan. De Jong: "Het is een veelbesproken onderwerp, ook binnen ons team. Wij dachten: hoe kunnen we hier een positieve draai aan geven? Als er een tekort is, waarom zetten we onze deuren niet open en laten we gewoon zien hoe het is?"

'Laten zien hoe mooi onderwijs is'

Al it nijs oer it tekoart oan dosinten yn it ûnderwiis docht de sektor net goed. "Ik kan me voorstellen dat mensen daardoor juist gaan twijfelen om de overstap te maken of de PABO te doen, omdat het negatief in het nieuws is. Met deze actie hopen we te laten zien hoe mooi het onderwijs is. Maar ook dat we ons wel zorgen maken om goed geschoolde docenten voor de toekomst," seit De Jong.

De aksje fan De Trieme is no al in sukses. "Het verbaast mij ook dat er zo veel aanmeldingen zijn, daar zijn we erg blij mee. Ze komen uit allerlei sectoren en de meesten twijfelen om een overstap te maken." Woansdei krije de snuffelstazjêrs earst in rûnlieding, en dêrnei meie sy bern helpe mei bygelyks rekkenjen of taal.

Direkteur Rianna de Jong-Hornstra fan De Trieme yn Sint-Jânsgea

(advertinsje)
(advertinsje)