FRL Post hâldt op mei partikuliere post: gau krystpost ferstjoere

05 nov 2019 - 17:23

FRL Post hâldt op mei it postbesoargjen foar partikulieren. Ek ferkeapje en distribuearje se fan 1 desimber ôf gjin postsegels mear. Nei dy datum kinne postsegels ek net mear ynlevere wurde by FRL.

FRL Post - Foto: FRL Post

Neffens it berjocht op de webside fan it bedriuw kin it net mear út om partikuliere post te behoffenjen. De postsegel wurdt hieltyd minder ferkocht en de hannelingskosten waarden hieltyd heger. Dêrtroch binne de FRL-postpunten net mear rendabel. Dy tsjinnen benammen om partikuliere post te fersprieden.

Sûnt 1993

"Wy fine it hiel spitich dat wy ophâlde moatte. Sûnt 1993 wiene wy in moai alternatyf foar Post NL, mar it moat wol rendabel bliuwe", seit Niels Helbig fan FRL Post. "It is in beslút dêr't goed oer neitocht is. Der wurdt hieltyd minder post ferstjoerd en dat fernimme wy ek."

Gau krystpost ferstjoere

It is net sa dat de postbestellers fan FRL Post thús komme te sitten, want se gean troch mei de saaklike merk. De partikuliere post is mar in lyts ûnderdiel fan it bedriuw. Minsken dy't noch postsegels fan FRL Post thús hawwe en dêr de krystpost mei ferstjoere wolle, moatte dat foar 1 desimber dwaan. Dêrnei binne se net mear jildich. Se kinne wol by FRL Post ynlevere wurde yn ruil foar jild.

Niels Helbig fan FRL Post

Trefwurden: 
postsegel post FRL
(advertinsje)
(advertinsje)