Iris Kroes ambassadrise foar kampanje oer it skieden fan ôffal

05 nov 2019 - 10:50

Offalferwurker Omrin set sjongster Iris Kroes yn as ambassadrise foar in publykskampanje om it skieden fan ôffal better op de kaart te setten. De kampanje 'Samen halen we alles eruit' bart yn gearwurking mei 17 gemeenten yn Fryslân en Grinslân.

Foto: Omrin

Yn de kampanjesearje 'Bij de mensen thuis' wurde der ferskate thússituaasjes yn byld brocht wêrby't it skieden fan ôffal wichtich is. Iris Kroes lit sjen dat it skieden fan ôffal ek by it ferhûzjen fan belang is. It Ryk wol dat de ynwenners fan Nederlân yn 2020 folle minder ôffal produsearje. Dêrnjonken moat goed 75 perint fan it ôffal goed skieden wurde neffens de doelstellingen fan de oerheid.

Trefwurden: 
Omrin ôffal Iris Kroes
(advertinsje)
(advertinsje)