Gemeentlike fergoedingen foar mantelsoarch rinne bot útinoar yn Fryslân

05 nov 2019 - 09:56

Yn in grut part fan de Fryske gemeenten krije mantelsoargers gjin fergoeding. Dat docht bliken út ûndersyk fan MantelzorgNL, de feriening foar minsken dy't oan mantelsoarch dogge. Wis is dat yn Ljouwert en Smellingerlân de fergoeding ôfskaft is. Yn Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen krije mantelsoargers bonnen, mar dat stiet net fermeld op de webside fan de gemeenten.

Mantelsoarch - Foto: ANP

It ûndersyk fan MantelzorgNL waard dien yn it ramt fan de Dei fan de Mantelsoarch, dy't kommende snein hâlden wurdt. Fan acht Fryske gemeenten koe MantelzorgNL net fine oft se in fergoeding beskikber hawwe: it giet om Waadhoeke, Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Opsterlân, Hearrenfean, Flylân en Skiermûntseach.

Yn trije Fryske gemeenten is der wól in jildbedrach beskikber foar mantelsoargers. Yn De Fryske Marren is dat mei 150 euro it heechst. Harns jout 100 euro.

Koartingsbon

Ek is der in tal gemeenten dat in fergoeding jout yn de foarm fan in koartingspas: op Skylge is dat in bon fan 25 euro en op Amelân in bon fan 75 euro. Súdwest-Fryslân en Weststellingwerf jouwe ek in bon, mar dêr is it bedrach net fan bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)