Wyldemerk yn blessueretiid troch waarm en wiet waar: natuer yn bloei

05 nov 2019 - 09:00

De beammen binne noch grien, ferskate blommen stean yn bloei en poddestuollen tierje yn natuergebiet Wyldemerk, tusken Balk en Aldemardum. "Eigenlijk maakt de natuur een verlengstuk, ze is als het ware in blessuretijd bezig. Door het warme weer zie je dat de bladval maar langzaam op gang komt," seit boskwachter Henk-Jan van der Veen.

Blommen yn bloei yn natuergebiet Wyldemerk - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De natuer groeit en bloeit mar troch. Dat komt troch it mylde waar, mei relatyf hege temperatueren. Dy twa nachtfroasten meitsje neffens de boskwachter it ferskil net. Yn Wyldemerk falt it op. "Op het eerste gezicht ziet het er misschien normaal uit, maar als je goed kijkt kun je zo een groene waas ontdekken. Er zijn relatief veel groene bomen."

Ek stean der blommen yn bloei. "Naarmate de herfst langer wam is, zie je dat bloemen een tweede leven krijgen. Ze bloeien door of ze bloeien opnieuw. Bijvoorbeeld de boterbloem, maar ook de rode klaver en de paardenbloem."

Bloei en blêd

Oktober foel sa'n graad waarmer út as normaal en dat is goed yn de natuer werom te sjen. "Eigenlijk is oktober een soort aprilmaand, maar dan omgekeerd. De daglengte is bepalend voor de bloei van soorten. Blijkbaar is het nu net als in april. En het is ook nog eens even warm, dus zo'n bloem denkt simpel geredeneerd: ik ga toch maar even bloeien", leit Van der Veen út.

As der no winter komme soe mei nachtfroast, kin it neffens de boskwachter wol hurd gean. "Dat is het sein voor een boom: nu is het klaar, ik trek mijn voedingsstoffen terug uit het blad." Op dit stuit sitte der noch in soad blêden oan de beammen. "Het heeft ook nog weinig gestormd, dat is ook een belangrijke impuls om te vallen."

Boskwachter Henk-Jan van der Veen oer de blessueretiid fan de natuer

De Nederlânske lângeiten fine it wol bêst. Foar harren is der in soad te iten. Wat ek opfalt, is dat de poddestuollen út de grûn sjitte. "Er zijn er veel dit jaar. Warmte en vocht zijn cruciaal. Met de oktoberregens schoten de paddenstoelen als een speer uit de grond. Verder zie je dat sommige vogels nog eens aan een tweede of derde legsel beginnen. Het baart mij wel zorgen, op langere termijn gaat het om rigoureuze veranderingen."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn Wyldemerk

Trefwurden: 
waar natuer Wyldemerk
(advertinsje)
(advertinsje)