Kollum: "Ikels yn in pot"

05 nov 2019 - 08:34

"Femke hie in pot beet dêr't in beam út opskeat. In ienjierrige iik. Ferline jier hie se yn 'e hjerst in hantsjefol ikels yn potierde treaun, en no soe se dy leaten plantsje. Buorman Piter stie dêr mei har oer te praten. Hy fûn it sympatyk wat Femke die, mar ek fergeze muoite. "Wat hat it foar sin?", hearde ik him freegjen. "Wy geane dochs nei de kloaten, dêr is neat oan te dwaan."

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Piter is útsein in pessimist ek in antykapitalist. Globalisearring en kapitalisme binne de woartels fan it kwea foar him. Hy praat allinne oer dingen dy't net goed geane, tinkt dat al it nijs nep is, foaral dat fan de steatsomrop, en is oant yn it moarch fan syn bonken wantrouwich. Femke dêrfoaroer is in optimist. In realist ek dy't foarút sjocht, dy't op syk is nei kânsen om it systeem op te laapjen.

Piter pompt alles dat fout giet op ta in loftballon, sa grut as it leararetekoart. Femke prikt dy ballon lek, teart dy op en brûkt dy as isolaasje foar it fytsehok. Likegoed wurdt Piter op 'e buert sjoen as goed ynformearre, as kritysk en yntelligint, wylst Femke as koartsichtich bestimpele wurdt, as dûzich en dom. It hat derfan dat negativens en pessimisme mear oansjen jouwe as positivens en optimisme.

In eigenaardich fenomeen. Want it is sa't de Flaamske filosoof Maarten Boudry seit: "Wy libje anno 2019 beslist net yn de bêste fan alle mooglike wrâlden, mar wol yn de bêste fan alle oant no ta beskikbere wrâlden. Noait earder libben safolle minsken sa lang, frij, sûn en gelokkich as hjoed-de-dei. Dy útspraak klinkt miskien net djipsinnich, mar se hat wol it grutte foardiel dat se wier is."

Ik harke nei Piter en Femke en tocht oan de jonge Boyan Slat dy't mei syn projekt The Ocean Cleanup dwaande is om plestik út oseanen te fiskjen. Oan Jimmy Donaldson, oftewol MrBeast, in Amerikaanske flogger dy't sûnt begjin 2019 mear as 20 miljoen folgers op YouTube hat. Om dat heuchlike feit te fieren begûn er in aksje om foar de ein fan dit jier 20 miljoen beammen te plantsjen, ien dollar foar ien beam. Hy hat op dit stuit 11 miljoen dollar. Ik tocht oan túntsjes dy't op bushokjes oanlein wurde, oan gersmatten op platte dakken, oan aksjes fan supermerken dy't iten op datum net mear fuortsmite, mar foar in pear euro it tasfol ferkeapje.

Ik harke nei Piter en Femke en realisearre my dat it fuortbestean fan de minskheid altyd al faai stien hat. Dat ús foarâlden foar gruttere bedrigingen stien hawwe as in tal rezjyms dat net doocht, foar in klimaatkrisis mei in deadline fan in pear desennia.

Tajaan oan wanhope en pessimisme is foarbarich. Negatyf tinke liedt ta fatalisme, dêr't foarútgongstinken oanfiteret en ta aksje oanset. Sadwaande ûnderbruts ik it petear en frege ik Femke oft se al klear wie. "Ik moat noch twa beammen plantsje," antwurde se. "Wolsto dat dwaan?"

'Graach,' sei ik."

(advertinsje)
(advertinsje)