Sterke Yerke-bemanningslid Chris Schweigmann ferstoarn

Sterke Yerke-bemanningslid Chris Schweigmann (65) is moandei ferstoarn. Hy wie yn 1974 ien fan de inisjatyfnimmers fan it flot Sterke Yerke, dêr't de Fryske marren en de Waadsee mei befearn waarden. It ôfskie fan Schweigmann is kommende freed. Hy wurdt dan op in pream fan syn hûs yn Ljouwert nei it krematoarium yn Marsum fearn.
Sterke Yerke-bemanningslid Chris Schweigmann ferstoarn
Schweigmann ferstoar nei in koarte sykte. Hy wie ien fan de oprjochters fan de flotten Sterke Yerke I, II en III. Ek wie er inisjatyfnimmer fan in projekt om jongerein entûsjast te meitsjen foar de oanpak fan de plestikproblematyk.
Chris Schweigmann © Sterke Yerke
It flot Sterke Yerke waard in 1974 ek besocht Ingelân te berikken, mar dat mislearre troch skipbrek. Mei in bettere ferzje fan it flot slagge dat yn 1976 wol. Ek waard nei Kurasao fearn, mar dat waard krekt net helle om't it mis gien is by Bonêre. Op 14 desimber wurdt dy lêste tocht by in monumint op Bonêre betocht. Ferline jier wie Schweigmann noch op Bonêre om it monument fan de Sterke Yerke te restaurearjen.
Bemanningslid Wilfred de Jong oer Chris Schweigmann
De rouadvertinsje fan Schweigmann © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma