Spesjale rûnliedingen troch museum Grou foar minsken mei demintens

05 nov 2019 - 07:32

Museum Hert fan Fryslân yn Grou set wer útein mei it projekt 'Onvergetelijk Museum'. Minsken mei demintens en harren neisten en mantelsoargers binne yn lytse groepen wolkom foar in spesjale rûnlieiding. Dielnimmers kinne sels oanjaan wat harren ynteresse hat of hie. "It begjint hieltyd better te rinnen," fertelt Janneke Wegmans fan it museum.

Museum Hert fan Fryslân yn Grou - Foto: Wikimedia Commons

"It docht bliken dat minsken mei dizze beheining muoite hawwe om yn grutter ferbân rûnliedingen te folgjen. Dêrom besykje wy yn lytse groepen spesifike oandacht te jaan oan minsken mei demintens. Wy harkje nei-inoar en geane yn petear oer wat minsken noch werkenne."

Op dit stuit hat it museum ûnder oare eksposysjes oer reedriden, Sint Piter en it Halbertsma-fabriken. "In soad minsken komme út de omjouwing, dus wy sjogge saken oer Grou. Der is no ek in eksposysje oer Freerk Siekmans, in bekende fisker fan Grou, mei in keamer hoe't hy eartiids libbe. Dêr sitte wy dan, dat ropt oantinkens op. Mar ek de Halbertsma's, somtiden begjinne minsken spontaan it Frysk folksliet te sjongen."

Eltse moanne is der op de earste tiisdei in rûnlieding yn Hert fan Fryslân, mar ek op ôfspraak binne der rûnliedingen mooglik.

Janneke Wegmans fan museum Hert fan Fryslân yn Grou

(advertinsje)
(advertinsje)