Gjin multyfunksjoneel sintrum yn Feanwâlden: bestjoer teloarsteld yn ried

Roel Dijkstra fan stichting Doarpshûs MynSkip hat gjin goed wurd oer foar de gemeenteried fan Dantumadiel. Der komt gjin nij multyfunksjoneel sintrum yn Feanwâlden, sa is moandeitejûn wol dúdlik wurden op de riedsgearkomste. No lûkt de aksjegroep ek de stekker derút.
Ljochtsjes by it gemeentehûs as stipe foar it doarpshûs fan Feanwâlden © Omrop Fryslân, Evert van den Berg
It definitive beslút moat noch falle, om't de riedsgearkomste troch in ûnderbrekking tiisdei fuortset wurdt. Dochs is it no wol helder hoe't de hazzen rinne sitte. "It is dúdlik wurden dat it doarpshûs sa't wy it foar eagen hiene, der net komme sil. Sy wolle wol mei in langetermynfyzje sjen oft it yn kombinaasje mei sport en skoalle kin, mar dêr sille se nei alle gedachten in oar bestjoer foar sykje", leit Roel Dijkstra fan stichting Doarpshûs MynSkip út. Hy fierde aksje foar in MFC yn it doarp.

Lêste kâns

Ferskate minsken rûnen moandei emosjoneel fuort út de riedseal. "Dat hie ik ferwachte. As minsken sa lang mei ús oparbeidzje en tinke noch in lêste kâns te hawwen. It wie yn it begjin fan de gearkomste al dúdlik dat it der net yn siet, letten op de ôffallers en hâlding fan de Provinsje. Dan begryp ik hiel goed dat minsken sizze: wy hâlde dermei op", fertelt Dijkstra.
Foar Roel Dijkstra en syn meistanners hâldt it no op. "Ik moat it fansels netsjes oerlizze, mar dy kâns achtsje ik 99 persint. Mar de kâns is dus hiel grut dat ús bestjoer en alle kommisjes der ynkoarten in punt efter sette. It hâldt in kear op en dat momint is no tichteby."

Bot teloarsteld yn de ried

Dijkstra hat gjin betrouwen mear yn de ried. "Ik moat earlik sizze: ik haw der gjin goed wurd foar oer. Der is in skieding tusken de koälysje en de opposysje. Sy gunne inoar neat. Dat wie bekend, mar dat is no wer dúdlik wurden. De persoanlike oanfallen dy't se nei-inoar dogge, net ynhâldlik op de saak yngean en net nei oplossingen sykje wolle. De ynwenners dy't mei west hawwe nei de riedsgearkomste sprekke oer in skandalige fertoaning", seit Dijkstra.
Politisy seine dat der te min draachflak wie foar in MFC. "Ik fernuverje my dêroer. Ik haw sels tolve jier yn de ried sitten, ek in pear jier yn Dantumadiel. Ik haw noch nea sokke folle tribunes sjoen as no mei it MFC Feanwâlden. Ek de minsken dy't derefter sitte, de boukommisje en de aksjegroep, dat binne werklik grutte oantallen minsken. Dus hoe't men dat mei drûge eagen sizze kin is foar my in riedsel", fynt Dijkstra.

Gefolgen

Hoe no fierder? "Der sille tal fan ferieningen yn Feanwâlden mooglik op syk moatte nei oare lokaasjes", leit Dijkstra út. "Dat hinget ek fan de tsjerke ôf. Miskien fine sy noch wat, mar de ferbining is fuort. Wy kinne tige dreech noch kulturele aktiviteiten organisearje, want dêr is gjin sealromte mear foar. It is foar Feanwâlden in inketswarte jûn."
Roel Dijkstra fan stichting Doarpshûs MynSkip
© Omrop Fryslân, René Koster