Provinsje tsjin Dantumadiel: Oare begrutting, oars previntyf tafersjoch

04 nov 2019 - 20:36

De provinsje jout Dantumadiel opdracht om de begrutting oan te passen. Docht de gemeente dat net, dan kart de provinsje de begrutting net goed en dan driget artikel 12: previntyf tafersjoch. Dantumadiel sit finansjeel yn swier waar: de algemiene reserve rint hurd tebek en de ynkomsten moatte omheech.

De ried fan Dantumadiel by de behanneling fan de begrutting - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De begrutting soe moandeitejûn behannele wurde yn de ried fan Dantumadiel, mar wethâlder Rommy Kempenaar fan finânsjes hat tongersdei fan de provinsje te hearren krigen dat de begrutting net goed wie.

Nei't de fergadering moandei in skoft skorst wie, kundige boargemaster Klaas Agricola in nije begrutting oan dy't no behannele wurdt. Dat kin, seit Agricola, as de mearderheid fan de ried akkoart is. It CDA en de VVD stimden tsjin it fierder gean mei de riedsgearkomste oer de nije begrutting. "Wy sille de fergadering net ferlitte, sa't op oare plakken wol bart", sei fraksjefoarsitter Jan Jitze Visser fan it CDA. "Mar we nimme hjir gjin feratwurdlikheid foar."

It kolleezje krige fan oare opposysjepartijen de kompliminten foar de begrutting. "Dat er opnieuw een sluitende begroting ligt, verdient een compliment", sei Tom Bakker fan de SGP.

(advertinsje)
(advertinsje)