Stroetinga en Bergsma ride massastart op wrâldbekers

04 nov 2019 - 20:15

De Fryske reedriders Jorrit Bergsma en Arjan Stroetinga binne keazen om Nederlân te fertsjinwurdigjen op de massastart by de earste wrâldbekerwedstriden. De seleksjekommisje fan reedrydbûn KNSB hat se oanwiisd foar de wrâldbekers yn Wyt-Ruslân en Poalen.

Jorrit Bergsma op de massastart by it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai - Foto: www.orange-pictures.nl

By it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai op Thialf ôfrûne wykein koene de reedriders harren pleatse foar de wrâldbekerwedstriden. Op de yndividuele ôfstannen wie in plak by de bêste fiif gewoanwei genôch. Sa pleatsten fjouwer Fryske manlju en fiif Fryske froulju harren foar ferskate ôfstannen.

Bergsma wûn snein yn Thialf de massastart, mar dat betsjutte net automatysk dat er him pleatste. Want by de teamûnderdielen lykas de massastart wurde de dielnimmers oanwiisd. By de KNSB is it each dus fallen op Bergsma en Stroetinga by de manlju. Sy rieden ferline jier ek al faak de massastart mei syn twaen. By de froulju ride Irene Schouten en Melissa Wijfje de wrâldbekers op de massastart.

(advertinsje)
(advertinsje)