FIDEO: Nynke Koopmans wol dat mjitmetoaden RIVM iepenbier wurde

It RIVM moat fia de rjochter syn mjitmetoaden foar stikstof iepenbier meitsje. Dat seit Nynke Koopmans fan de stichting Stikstofclaim yn It Polytburo. Koopmans seit neat te leauwen fan de bewearing dat hast de helte fan de stikstofútstjit troch de lânbou feroarsake wurdt.
Neist de problemen mei de stikstof leit de bouwrâld op it stuit stil troch de regeljouwing omtrint de PFAS: giftige stoffen yn de grûn dy't bouprojekten ûnmooglik meitsje. Yn de ried fan Tytsjerksteradiel is takom tongersdei in spoeddebat, dat derfoar soargje moat dat de bousektor de oare dei wer oan it wurk kin. De gemeente is dêrmei de earste yn it lân dat dizze saak oan de oarder stelt.

Opposysje stapte op

Nynke Koopmans sit foar de Partij voor de Boeren yn de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel, nei't se fjouwer wike lyn de VVD ferliet. Sy stapte, mei de folsleine opposysje, ferline wike op doe't it kolleezje de begrutting presintearre.
De begrutting lit in grut tekoart sjen en neffens Koopmans is de hiele begrutting fierstente ûndúdlik. Se fynt dat der no serieus sjoen wurde moat nei in gemeentlike fúzje mei Achtkarspelen. De amtlike gearwurking mei dy gemeente smyt neffens Koopmans neat op.